
It Ir. D.F. Woudagemaal op ‘e Lemmer wie fan 22 septimber o/m 7 oktober 2023 it poadium foar de Frysktalige teäterproduksje FLOED.
It gemaal fertelt al mear as hûndert jier ferhalen. Mar ien ferhaal wie noch altyd net ferteld. It ferhaal fan Mare en Gula, it wetter en it gemaal.
Stichting de Noorder Smederij brocht dit bysûndere ferhaal, yn opdracht fan Wetterskip Fryslân, ta libben yn in jubileumfoarstelling oer it Woudagemaal dat hûndert jier bestie. Underdompele yn teäter en muzyk belibbe de taskôger FLOED middels in kuiertocht yn en rûnom it gemaal.