Tusken Twa Tuorren (2018)

Tusken Twa Tuorren makke diel út fan de Under de Toer rige yn ’t ramt van LF2018 en fertelde it ferhaal fan in doarp en in mienskip yn feroaring.

Reade tried en begjin fan de foarstellingsrige is de jeugdsoos SZDRNZLL. Sûnt 1969 sit de jeugdsoos yn it âlde parochyhûs ûnder de St. Martinus Tsjerke. En sûnt dy tiid spilet de jeugdsoos yn Wergea in wichtige rol yn de mienskip. Tal fan ferieningen en inisjativen binne ûntstean yn en troch de jeugdsoos: ûnder oare de Kulturele Kommisje, it Wergeaster Iepenloftspul en ferskate bandsjes. Mar no, en der begjint de foarstelling mei, is der grutte soarch. Benammen fan menear pastoar; it ledetal rint werom én hy hat ferlet fan jild. De jeugdsoos hat noch nea hier betelle (útsein in symbolisch bedrach) en it is ek altyd wol wat mei dy oerlêst yn ‘e buorren. It leafst wol hy de jeugdsoos ticht ha en dan brekt der opskuor út yn Wergea… Foar- en tsjinstânder komme yn aksje, want hoe moat it fierder mei de tsjerke (moat der net in ‘welness centrum’ yn?) en de jeugdsoos? Jong en âld, tradisjoneel en modern, fan binnen en bûten it doarp komt inoar tsjin yn dizze foarstelling en gean mei inoar op syk.

TEKST – Froukje van Houten | REGY – Theo Smedes | MUZIKAAL LIEDER – Gerrit Hager | KERNTEAM – Evert Bossema, Tom Kamsma, Ypie Kerkstra, Theo Smedes |

Mei meiwurking fan: Jeugdsoos SZDRNZLL | De Sint Martinustsjerke | De Frissel | De Bidler | Koar Ynspiraasje | Popkoar Wergea | RK koar St. Cecilia | Muzykferiening De Kriich | Bigband Two Towers Collective | Boppeseal Movies | Kulturele Kommisje Wergea | Halbertsma toaniel | Jongerein toaniel | Iepenloftspul Wergea | Merkekommisje | OBS de Twamêster | Buertferiening ‘Tusken Twa Tuorren’

Tusken Twa Tuorren wie in folslein eigen, oarspronklik Fryske produksje en waard 7 kear útferkocht spile fan 11 o/m 24 novimber