In foarstelling oer Skûtsjesilen en binnenfeart, oer eartiids en no, oer tradysje en kultuer.
Skippersbitter spile fan 25 april 2015 o/m 18 oktober 2015 oan board fan Theaterskip ‘De Bald’r’ en is mei mooglik makke troch stipe fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen.
De foarstelling Skippersbitter fertelt it ferhaal fan Hylke en Sjoerd. Twa mannen út in skipperslaach dy elkoar moetsje by in wedstriid fan it Skûtsjesilen op’e Lemmer. Twa generaasjes dy’t elk mei harren eigen fisy op it silen en de skipfeart yn it libben stean. Mei ferhalen en bylden fan sawol it ferline as fan no groeie de beide mannen hieltiid mear nei elkoar ta. Mar dy moeting tusken Hylke en Sjoerd is miskien wol net sa tafallich as dat it liket.
TEKST – Bert Sinnema en Theo Smedes | REZJY – Theo Smedes | SPUL – Bert Sinnema en Harmen Brouwer | STIM – Aleida Fennema | LOKAASJE – Hylkje Bruinsma | TECHNYK – Daam Bruinsma | KLAAIING – Wietske Sinnema, Ypie Kerkstra | DEKOR – Maarten Scholtanus, Sieb Kerkstra, Feike Schuurmans | FOTOGRAFY – Fonger de Vlas, Martin de Jong.