Teäter yn en rûnom it Woudagemaal
De nije foarstelling FLOED is de kroan op it 100-jierrich bestean fan it Ir. D.F. Woudagemaal op ‘e Lemmer. Stichting de Noorder Smederij bringt de foarstelling coronaproof yn septimber/ oktober fan dit jier. Spesjaal foar dit jubileum biedt Wetterskip Fryslân it UNESCO-Wrâlderfgoed oan as poadium foar dizze Frysktalige teäterproduksje. Underdompele yn teäter en muzyk belibbet de taskôger it ferhaal fan FLOED yn en om it Woudagemaal.

It ferhaal fan FLOED
It Woudagemaal op ‘e Lemmer fertelt al mear as hûndert jier ferhalen. Mar ien ferhaal is noch altyd net ferteld. It ferhaal fan Mare en Gula, it wetter en it gemaal.
Mare hat mar ien grutte leafde yn har libben, it wetter. Dy leafde feroaret yn in einleaze langstme nei wetter, nei mear wetter. As Mare by it Iselmar leafdesbrieven oan it wetter skriuwt, beslút Gula om it Woudagemaal út har sliep te heljen. It wetter foar it gemaal komt driigjend omheech. It gemaal begjint hieltyd hurder te draaien, mar sil it op ‘e tiid wêze om Mare te rêden?