It stille wetter

De foarstelling FLOED is ek in muzikale reis. Foarige wike is de titelsong útkaam: ‘It stille wetter’. Yn it liet hearre we Mare oer har langstme nei it wetter sjongen. Dit nûmer is spesjaal foar FLOED skreaun en sil ek yn de foarstelling te hearren wêze. ‘It stille wetter’ is no beskikber foar eltsenien op Spotify. Klik hjir foar de link.

Sang: Christina de Boer
Tekst/muzyk: Evert Bossema
Band: Rick Heida, Sieb Kerkstra, Werner Elkerbout, Femke de Vries, Ruurdtje Anema, Geralda de Vries, Arnold Pots, Yme Kramer, Titus Steegstra, Peter Krako & Evert Bossema
Studio: Harry Zwerver
Opname: Key Studio Akkrum