Alle foarstellingen útferkocht
Alle 11 foarstellingen binne útferkocht!
Alle 11 foarstellingen binne útferkocht!
Fanwege de grutte belangstelling spilet de Noorder Smederij op woansdei 4 oktober nochris in ekstra foarstelling fan FLOED. Op dit stuit binne der hast 3500 kaarten ferkocht en seis foarstellings útferkocht.
Wolle jo de besite oan dizze foarstelling kombinearje mei in oernachting?Hotel Iselmar, tsjinoer it Ir. D. F. Woudagemaal, biedt spesjaal foar de foarstelling in FLOED arranzjemint oan. Floed arranzjemint fanôf € 89,50 de persoan 1 oernachting 1 x diner op dei fan oankomst 1 x wiidweidich moarnsiten By jo ferbliuw kinne jo gebrûk meitsje fan […]
Spitigernôch is it net mooglik om kochte kaarten werom te nimmen. Dêrom biede we jo hjir de gelegenheid oan om kaarten te ruiljen, oan te bieden as oer te keapjen.
Foar FLOED binne we noch op siik nei in oantal figuranten en frijwilligers dy’t oan dizze bysûndere teäterbelibbing by it Ir. D. F. Woudagemaal mei dwaan wolle. Nijsgjirrich? Meld dy oan! Stjoer ús in berjocht foar mear ynformaasje: floed@denoordersmederij.nl Foar ûndersteande rollen sykje we noch minsken: Dûnsers Figuraasje Tonielmasters EHBO Bouploech Catering Host Parkeerbegelieder Skjinmak […]
Janneke Warringa en Jitze Grijpstra spylje de haadrol yn FLOED. By it Ir. D. F. Woudagemaal binne justerjûn, tidens de kick-off, de spilers en meiwurkers van FLOED presintearre. De haadrollen yn dizze bysûndere teäterbelibbing binne weilein foar Janneke Warringa en Jitze Grijpstra. Janneke is in sjongeres út Lemmer en reizge ferline jier mei har foarstelling […]
‘Onze boodschap prachtig verwoord’ Wetterskip Fryslân biedt it stoomgemaal graach oan as poadium foar FLOED. ‘Ook dit jaar vieren we een jubileum. Het is 25 jaar geleden dat het Woudagemaal op de Werelderfgoedlijst van UNESCO is opgenomen’, fertelt dykgraaf Luzette Kroon. ‘FLOED is een bijzondere theatrale en muzikale beleving, waarin cultuur en water met de […]
It Woudagemaal, eigendom fan Wetterskip Fryslân, is it grutste noch wurkjende stoomgemaal fan ‘e wrâld. It stoomgemaal waard yn 1998 op ‘e UNESCO Wrâlderfguodlist pleatst. By ekstreem heech wetter soarget it gemaal noch altyd foar drûge fuotten yn Fryslân. Keninginne Wilhelmina iepene it Woudagemaal mear as hûndert jier lyn, op 7 oktober 1920. In unyk […]
Spesjaal foar de foarstelling ha we keunstner Imke Meester frege om in skilderij fan FLOED te meitsjen. It doel wie om it skilderij te brûken as byld fan de foarstelling. Nei in pear moanne skilderjen hat Imke ús in skilderij jûn wêryn it ferhaal fan Mare prachtich ferwurde is. Fotograaf Almar Setz hat fan it […]