Tusken Twa Tuorren (2018)

De nije produksje fan de Noorder Smederij hjit fan Tusken Twa Tuorren en makket diel út fan de Under de Toer rige yn ’t ramt van LF2018 en fertelt it ferhaal fan in doarp en in mienskip yn feroaring.

Tusken De Bidler en de St. Martinus Tsjerke leit in wichtich stik skiednis fan it doarp Wergea. Twa tsjerken en noch ien lytse yn ’e midden (de Menniste tsjerke út 1956), wêrfan’t De Bidler wilens oanpast is ta in Teätertsjerke. Ek de Menniste tsjerke hat sûnt 2010 in oecumenische funksje krigen. En sa giet it fansels yn in soad Fryske doarpen. Leauwen en tsjerke kriget in nij en oar plak. Ek de mienskip feroaret en ‘mei-inoar’ hat hjoed in oare betsjutting as fyftich jier lyn. It ledental fan tsjerken rint werom en ek guon ferieningen ha it dreech om (bestjoers) leden te finen en te hâlden.

Tusken Twa Tuorren giet oer in nij lykwicht tusken it ferline, mei alle stadige wissichheid fan doe en de takomst fan in doarp mei alles wat nij, fluch en oars is. Jong en âld, bekend en ûnbekend en fan binnen en fan bûten it doarp gean hân yn hân op syk nei dat nije lykwicht.

Reade tried en begjin fan de foarstellingsrige is de jeugdsoos SZDRNZLL. Sûnt 1969 sit de jeugdsoos yn it âlde parochyhûs ûnder de St. Martinus Tsjerke. En sûnt dy tiid spilet de jeugdsoos yn Wergea in wichtige rol yn de mienskip. Tal fan ferieningen en inisjativen binne ûntstean yn en troch de jeugdsoos: ûnder oare de Kulturele Kommisje, it Wergeaster Iepenloftspul en ferskate bandsjes. Mar no, en der begjint de foarstelling mei, is der grutte soarch. Benammen fan menear pastoar; it ledetal rint werom én hy hat ferlet fan jild. De jeugdsoos hat noch nea hier betelle (útsein in symbolisch bedrach) en it is ek altyd wol wat mei dy oerlêst yn ‘e buorren. It leafst wol hy de jeugdsoos ticht ha en dan brekt der opskuor út yn Wergea… Foar- en tsjinstânder komme yn aksje, want hoe moat it fierder mei de tsjerke (moat der net in ‘welness centrum’ yn?) en de jeugdsoos? Jong en âld, tradisjoneel en modern, fan binnen en bûten it doarp komt inoar tsjin yn dizze foarstelling en gean mei inoar op syk.

TEKST – Froukje van Houten | REGY – Theo Smedes | MUZIKAAL LIEDER – Gerrit Hager | KERNTEAM – Evert Bossema, Tom Kamsma, Ypie Kerkstra, Theo Smedes |

Mei meiwurking fan: Jeugdsoos SZDRNZLL | De Sint Martinustsjerke | De Frissel | De Bidler | Koar Ynspiraasje | Popkoar Wergea | RK koar St. Cecilia | Muzykferiening De Kriich | Bigband Two Towers Collective | Boppeseal Movies | Kulturele Kommisje Wergea | Halbertsma toaniel | Jongerein toaniel | Iepenloftspul Wergea | Merkekommisje | OBS de Twamêster | Buertferiening ‘Tusken Twa Tuorren’

Tusken Twa Tuorren is in folslein eigen, oarspronklik Fryske produksje en wurdt spile op:

11 novimber (premjêre)
14 novimber
16 novimber
17 novimber
23 novimber
24 novimber