Skippersbitter yn Reprize

De foarstelling Skippersbitter is boppe ferwachting in grut sukses.
Dêrom is by de lêste foarstelling yn Wergea op 14 juny bekend makke dat Skippersbitter dizze hjerst in reprize kriget.

Fan 18 septimber oant en mei 18 oktober fart Skippersbitter wer oan board fan Theaterskip de Bald’r troch de provinsje.