Meikoarten yn it teäter


Nei in suksesfolle rige fan útferkochte foarstellings yn septimber 2018 fan it iepenloftspektakel oer de skiednis fan it skûtsje, sil ‘Myn Skip’ no mei dit ferhaal de teäters yn.

In foarstelling oer hurd wurkjen en geniete, oer lije en leafde, oer stoer en kwetsber, oer winne en ferlieze. Mar foaral ek ferhalen oer it skûtsje, fan wurkskip nei wenskip nei rekreaasjeskip.

Ferhalenferteller Age Veldboom nimt it publyk op entûsjaste wize mei yn de wrâld fan it skûtsje, dy’t hy as gjin oar kint. It duo Ella & Herman spilet en sjongt de spesjaal foar dizze foarstelling skreaune lieten. De ferhalen, bylden en lieten soargje foar in ferbyldzjende reis troch 100 jier skûtsje histoarje.


Ella & Herman is in singer/songwritersduo út Fryslân. Ella de Jong sjongt en spilet piano, trompet en melodica. Herman Woltman spilet gitaar. We kinne him fan Souldada en de gearwurking mei û.o. Fay Lovsky en Izaline Calister. Tegearre wûnen Ella & Herman de singer/songwriterspriis fan Fryslân yn 2015. Age Veldboom is in kuierjende ensyklopedy as it oer it skûtsje giet en jout ferskate kearen kommentaar by Omrop Fryslân en Omroep Max  tidens it skûtsjesilen.

Myn Skip waard bekroand mei de Fryske Anjer 2018 fan it Prins Bernard Cultuurfonds Fryslân.

Myn Skip ek by jo yn it teäter? Nim dan kontakt mei ús op: info@denoordersmederij.nl