Jimmy Costello yn de Blokhúspoarte

Jimmy Costello kriget dizze hjerst in lytse reprize.
Nei in rige spile foarstellingen dit foarjier is besletten om ekstra foarstellingen te spyljen op fersyk fan in oantal belangstellende organisaasjes. Op 9 desimber wurdt de foarstelling spile yn de eardere teaterseal fan finzenis ‘De Blokhúspoarte’. Podium Asteriks, eigner fan de seal, fersoarget de kaartferkeap. Sjoch hjir foar de folsleine spyllist.