Tusken twa tuorren – artikel Havensbank maaie 2018

Tusken Twa Tuorren

Sa njonkelytsen is it projekt Under de Toer, ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân, kulturele haadstêd fan Europa 2018, rûnom yn Fryslân bekend. Twaentritich doarpen mei krektsafolle foarstellings fan jannewaris oant ein novimber dit jier. En Wergea komt as lêste oan bod mei it multykulturele stik Tusken Twa Tuorren.

Fear of missing out
Hjoed-de-dei hawwe in protte minsken lêst fan it gefoel dat se belangrike saken misse, benammen op it mêd fan digitale media. Yn geef Frysk neamme wy dat fear of missing out (FOMO). Mar de lêste moannen heart men hieltyd mear minsken dy’t dat gefoel ek ha nei oanlieding fan foarstellings dy’t mei de Kulturele haadstêd te meitsjen ha en dan foaral mei foarstellings út it projekt Under de Toer. Nim bygelyks Marijke Muoi yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert of Anna Maria van Schurman yn Wiuwert. Doe’t der gjin kaarten mear te krijen wienen, doe hearde men de minsken fan: ‘Och, wat hie ik dêr graach hinne wollen! Mar it koe net mear, útferkocht!’

Utferkocht!
Ek de kaartferkeap by de oare Under de Toer projekten rint as ‘t spoar. We rekkenje der dan ek op dat it yn Wergea net oars wêze sil. In relatyf lytse foarstelling mei in relatyf lege tagongspriis, mei in soad belangstelling yn it foar én mei in protte meiwurkers (dy’t famylje, freonen, bekenden en sa mear mei ha wolle nei de foarstelling), koartsein de kâns is grut dat it yn Wergea (ek) samar útferkocht is!

Kaartferkeap foar Wergea e.o.
Om no dat ferfelende, yrritante FOMO-gefoel foar te kommen, is it saak om derby te wêzen op it goeie momint: de foarferkeap fan kaarten yn Wergea foar de bewenners fan Wergea en omkriten. Dy kaartferkeap is flak foar de grutte fakânsje, twadde helte july. De krekte datum, it krekte tiidstip en plak komt yn de foljende Havensbank (dy’t 13 july útkomt) te stean. En om dy tiid hinne ek op de site fan Tusken Twa Tuorren (www.denoordersmederij.nl) en op de Wergeaster site (www.wergea.com). As jo dat healwei july yn ‘e gaten hâlde, dan ha jo wis kâns fan plak.

De data fan útfiering (tink derom, dy binne oars as yn de foarige Havensbank!):
Snein 11 novimber premjêre
Woansdei 14 novimber foarstelling 2
Freed 16 novimber foarstelling 3
Sneon 17 novimber foarstelling 4
Freed 23 novimber foarstelling 5
Sneon 24 novimber foarstelling 6

Arjen Agema
PR-kommisje Tusken Twa Tuorren

Nije produksje

De nije produksje fan de Noorder Smederij hjit fan Tusken Twa Tuorren en makket diel út fan de Ûnder de Toer rige yn’t ramt van LF2018 en fertelt it ferhaal fan in doarp en in mienskip yn feroaring.

 

Tusken De Bidler en de St. Martinus Tsjerke leit in wichtich stik skiednis fan it doarp Wergea. Twa tsjerken en noch ien lytse yn’t midden (de Menniste tsjerke út 1956), wêrfan De Bidler wilens ferwurde is ta in Teatertsjerke. Ek de Menniste tsjerke hat sûnt 2010 in oecumenische funksje krigen. En sa giet it fansels yn in soad Fryske doarpen. Leauwe en tsjerke kriget in nij en oar plak. Ek de mienskip feroaret en ‘mei-inoar’ hat hjoed in oare betsjutting as fyftich jier lyn. It ledental fan tsjerken rint werom en ek guon ferieningen ha it dreech om (bestjoers) leden te finen en te hâlden.

 

Tusken Twa Tuorren giet oer in nij lykwicht tusken it ferline, mei alle stadige wissichheid fan doe en de takomst fan in doarp mei alles wat nij, fluch en oars is. Jong en âld, bekend en ûnbekend en fan binnen en fan bûten it doarp gean hân yn hân op syk nei dat nije lykwicht.

 

Reade tried en begjin fan de foarstellingsrige is de jeugdsoos SZDRNZLL. Sûnt 1969 sit de jeugdsoos yn it âlde parochiehûs ûnder de St. Martinus Tsjerke. En sûnt die tiid spilet de jeugdsoos yn Wergea in wichtige rol yn de mienskip. Tal fan ferieningen en inisjativen binne ûntstean yn en troch de jeugdsoos: ûnder oare de Kulturele Kommisje, it Wergeaster Iepenloftspul en ferskate bandsjes. Mar no, en der begjint de foarstelling mei, is der grutte soarch. Benammen fan menear pastoar; syn ledental rint werom én hy hat ferlet fan jild. De jeugdsoos hat noch nea hier betelle (útsein in symbolisch bedrach) en it is ek altyd wol wat mei die oerlêst yn de buorren. It leafst wol hy de jeugdsoos ticht ha en dan brekt der opskuor út yn Wergea… Foar –en tsjinstânder komme yn aksje, want hoe moat it fierder mei de tsjerke (moat der net in ‘welness centrum’ yn?) en de jeugdsoos? Jong en âld, tradysje en modern, fan binnen en bûten it doarp komt inoar tsjin yn dizze foarstelling en gean mei inoar op syk.

 

Tusken Twa Tuorren is in folslein eigen, oarspronklik Fryske produksje en wurdt spile op:

11 novimber (premjêre)
14 novimber
17 novimber
18 novimber
24 novimber
25 novimber