Artikel Havensbank juny 2018

Tusken Twa Tuorren

Tusken Twa Tuorren, de lêste yn ‘e rige fan 32 foarstellings Under de Toer, yn novimber yn Wergea. Noch in skoft fuort, mar der wurdt no al fan alles út ‘e wei setten. Hoe is op dit stuit de stân fan saken? Wurdt der wier al fan alles út ‘e wei setten?

Om dat oan ‘e weet te kommen op in moaie simmerske sneontemoarn, begjin july, mar efkes by Theo delfytse, yn ‘e nijbou fan Wergea. Fan hearren en sizzen (LC) fernimme wy dat dêr wat problemen binne. Konteners dy’t yn ’t paad steane en grutte bulten sân. Dus mar op ‘e tiid fuort en in skepke yn ‘e fytstas, foar de wissichheid. Mar it falt ta, gjin sân en gjin konteners; komt nei alle gedachten foaral omdat Theo fuort foaroan yn ‘e nijbou wennet. In moaie twa ûnder ien kap, mei útsicht op Grut Palma. Wy hearre fan Theo de stân fan saken.

Tusken Twa Tuorren, Under de Toer, hoe binne jim op it idee kommen? Hoe past it binnen Kulturele Haadstêd?
‘Doe’t bekind waard dat it projekt Under de Toer ien fan de haadprojekten fan LF2018 waard kamen Froukje van Houten en ik op it idee om Wergea hjirfoar ek op te jaan. Want as der ien doarp is dêr’t op kultureel flak in soad dien wurdt, dan is it wol Wergea. Sa binne Froukje en ik oan de slach gien om in plan te betinken. Dat plan moast oan 5 kriteria foldwaan; in keunstner, de mienskip, Europa, in tsjerke en in ferhaal. We ha mei ferskate minsken sprutsen om te hearren hokfoar ferhalen der eins yn Wergea binne yn relaasje mei de tsjerken. Uteinlik hiene we in idee en dat plan ha we yntsjinne. Der wiene mear as 80 oanmeldingen, mar der wie mar plak foar 32 projekten. It wie dan ek in fantastysk om te hearren dat Wergea selektearre wie en ien fan de 32 projekten waard fan Under de Toer.’

Wer giet is stik eins oer, Theo?
‘Yn ús syktocht nei mooglike ferhalen kamen we eins by alle gesprekken hieltyd by ien punt werom: de jeugdsoos. Bynammen wat de jeugdsoos foar betsjutting hat foar de minsken en it doarp. Doe binne we op it idee kaam om it ferhaal fan de jeugsoos te fertellen. Yn Tusken Twa Tuorren fertelle we it ferhaal fan de jeugdsoos dy’t, troch de fusy fan de Roomsk-katolike parochys, op it punt stiet te ferdwinen. En wat sil dat foar konsekwinsjes ha foar de minsken en foar de mienskip.’

Wat is de reade tried fan it projekt?
‘Sûnder in soad te ferklappen; we nimme de minsken mei yn de hjoeddeiske problematyk fan in soad doarpen. Hoe hâldt men in doarp leefber. It ferieningslibben en ferskate bestjoeren ha it dreech om nije leden te finen. Yn Tusken Twa Tuorren liket it der op dat de jeugdsoos ferdwine sil op it plak dêr’t it no is. De jeugdsoos wurdt wolris sjoen as in soarte fan kweekfiver foar kreatyf en organisatoarysk talint. Wat soe der mei in doarp as Wergea barre as dat der dan net mear is. Hoe sjocht Wergea der yn 2040 út? En, sa’t de titel Tusken Twa Tuorren al seit; it publyk wurdt meinaam op in muzikale en teätrale reis fan de iene toer nei d’oare.’

Wa dogge der allegearre mei?
‘Ien fan de kritearia fan Under de Toer is de mienskip. En dat nimt yn Tusken Twa Tuorren grutte foarmen oan. Miskien dat der foar it earst yn Wergea op sa’n grutte skaal mei sa’n soad ferskillende ferienings gearwurke wurdt. Oan dit projekt wurkje mei: Halbertsma toaniel, Jongerein toaniel, Sint Martinus tsjerke, de Frissel, De Bidler, Jeugdsoos SZDRNZLL, Fanfare de Kriich, Bigband Two Towers Collective, Popkoar Wergea, RK-koar St. Cecillia, Koar Ynspiraazje, Boppeseal Movies, Buertferiening Tsjerkebuert, Merkekommisje, KKW, Iepenloftspul Wergea en OBS de Twamêster!’

En hoe fier bin jim mei de tarieding?
‘Op dit momint fan skriuwen binne we al fier mei de tariedingen. It skript is klear en de earste lêsrippetysje en de earste produksjegearkomste ha plakfûn en hast alle ferienings en klups witte wat der fan harren frege wurdt. Nei de Simmer wurde alle aktiviteiten wer oppakt en sille we stadichoan ta wurkje nei de premjêre op 11 novimber, de dei fan Sint Martinus.’

En ta beslút, Theo, wat kinne we de kommende tiid ferwachtsje?
‘Meikoarten set de foarferkeap útein. It docht bliken dat de foarstellingen fan Under de Toer drok besocht wurde. Om de ynwenners fan Wergea de earste mooglikheid te jaan is der in foarferkeap op 16 july. Ik soe sizze wolle, meitsje hjir gebrûk fan, want it soe wol hiel spitich wêze as jo dizze bysûndere tocht misse soene!’

Op sa’n simmerske sneontemoarn yn july is it hast noch net foar te stellen hoe’t it der út komt te sjen op in winterske novimberdei, mar Wergea en al syn kreative ferienings en ynwenners kennende kin it hast net oars as it wurdt in grut spektakel. Faaks is it goed om no earst de lêste sinnen fan Theo syn lêste antwurd nochris te lêzen.

Ut namme fan de PR-groep, Arjen Agema