Artikel Havensbank septimber 2018

Tusken Twa Tuorren

De repetysjes binne los! Noch in wike of seis dan is it al safier; it Under de Toer projekt fan Wergea. De lêste yn in rige fan 32 stiks. En wat in útdagingen lizze der by de tariedingen! Meardere lokaasjes, sawol binnen as bûten, alle leeftiden fan jongerein oant (relative) âlden fan dagen, alderhande kulturele sjenres; toaniel, muzyk, dûns. En dat allegearre yn ien stik! En wa dogge der allegearre wol net mei?

Folle net genôch
In hiele protte ferienings dy’t meidogge! Net allinnich de klups dy’t men ferwachtet: Halbertsma en Iepenloft, nee folle en folle mear ferienings dy’t meidogge of harren ynsette foar dizze produksje. Mienskip is it biedwurd fan Fryslân/Ljouwert 2018. ‘Hoefolle mienskip wolle jo ha?’, sizze se dan yn Wergea. In oersicht:
Toanielferiening Halbertsma
Ien fan de âldste ferienings fan Wergea, spyljend op it heechste nivo fan it Boun fan Fryske toanielselskippen. Wa hat it net meikrigen dy prachtige stikken sa as Mama Mia en Moulin Rouge.
Jongerein Toaniel
De toaniel kweekfiver foar Halbertsma en it Iepenloft, ús jongerein dy’t ek alle jierren soarget foar moaie toanieljûnen yn De Bidler.
Iepenloftspul
Al sûnt jierren ferneamd yn Fryslân, it iepenloftspul fan Wergea. Destiids ien fan de earste iepenloftspullen dêr’t (pop)muzyk mei in wichtige rol yn spile.
Jeugdsoos
De Soos, kweekfiver foar bestjoeren fan alle ferienings yn Wergea en omstreken. En de kearn fan it ferhaal fan Tusken Twa Tuorren. As de Soos der net mear wêze soe, wat dan??? Wat betsjut dat foar de doarpsmienskip?
St. Martinus tsjerke
Ien fan de moaie lokaasjes fan Tusken twa Tuorren, de roomsk katolike tsjerke, mei ien fan de twa karakteristike tuorren fan Wergea.
De Frissel
Noch in tsjerke, fan âlds it menistetsjerkje, ek in lokaasje foar it stik, in bytsje ferstoppe oan de Kerkbuurt, letterlik tusken twa tuorren.
De Bidler
Destiids de herfoarme tsjerke, no al jierren multyfunksjoneel sintrum, mei suver alle wiken wol aktiviteiten.

Trije geloven op ien kessen yn dizze foarstelling. En gjin duvel te bekennen! Dat is ek Wergea en mienskip.

Koar Ynspiraasje
It tsjerkekoar Ynspiraasje begûn as gelegenheidskoar foar bygelyks de Krysttsjinsten, mar is no in folweardich tsjerkekoar mei tsjerklike en klassike lieten op it repertoire. Of soe der foar dizze spesjale gelegenheid in gospelnûmerke ynsitte?
Popkoar Wergea
In oantal jierren lyn opsetten troch Reinout Weima, in koar mei sa’n 40 leden, mei in wiidweidich poprepertoire fan jierren sechstich oant hjoed de dei.
RK koar St Cecilia
Bestiet al sûnt 1895. Fan âlds in mannekoar, mar hjoed de dei sjonge ek froulju fan it frouljuskoar fan de St Martinusparochy mei. It koar sjongt by tsjinsten en by rou en trou en stiet ûnder lieding van Douwe Langhout. Repertoire: tsjerklike, lieten, mearstimmich, yn it Nederlânsk, Frysk en Latyn.
Muzykferiening De Kriich
It fanfare orkest fan Wergea, ferneamd om harren jierlikse optreden moarnsier, earste Krystdei, en de lêste jierren ek fan de moaie optredens yn Warstiens sa as A Christmas Carrol en De Maestro fan Wergea.
Big Band Two Towers Collection
Wienen der noch wol minsken yn en om Wergea hinne dy’t ek muzyk makken en noch net by in band sieten? Jawis, genôch foar in Big Band. De Wergeaster Big Band, ferneamd yn Wergea en omstreken fan ûnder mear de optredens op Trijehûs.
Boppeseal Movies
In Filmhûs yn Wergea. Boppesealmovies komt mei films út it saneamde filmhuis segmint. Smûke fertoaningen fan moaie films yn de wintermoannen yn Us Doarpshûs.
Kulturele Kommisje Wergea
Alderhande kulturele manifestaasje faak yn de Bidler, mar de ploech stiet ek altyd klear om oare festiviteiten mei de organisearjen yn Wergea, wa kin net Wergea a go go of de beruchte Wergeaster nijjiersresepsje.
Merkekommisje
De jongerein kriget it alle jierren wer foar elkoar om perfekt in Merke te organisearjen. Bekendste attribút: de merkemobyl. De grutte fraach: kriget dy ek in rol yn it stik?
OBS De Twamêster
De kweekfiver foar alles dat mei Wergea en omlizzende doarpen te meitsjen hat. Moai dat kultuer en mienskip hjir sa’n dúdlik ûnderdiel fan is.
Buertferiening Tusken Twa Tuorren
Sûnder help fan dizze buertferiening wurdt it neat, want as men straks net yn ien fan de tsjerken spilet, dan wurdt der bûtendoar spile yn dizze buert.

En al dizze ferienings en har leden (mear as 100! spilers, dûnsers, muzikanten en koarleden), hawwe op de ien of oare wize in rol yn Tusken Twa Tuorren. It sil in prestaasje fan formaat wurde om dizze grôtfolle kroade kulturele kikkerts mei de noazen deselde kant út te krijen, om al dizze kreative minsken yn ien stik te krijen, in rinnend stik (letterlik en figuerlik) mei in dúdlik begjin, in oersichtlik middenstik en in ferrassend ein!

Kaartferkeap
Sáfolle ferienings, mei sáfolle Wergeasters (Warstienzers/Eagumers) It is suver in wûnder dat der yn de doarpen noch minsken oer binne dy’t op de tribune sitte kinne. Mar se binne der! En foar dy minsken is der goed nijs: de online foarferkeap is begong. Fia de site www.noordersmederij.nl kinne no kaarten besteld wurde.

Op deselde site fine jo ek it lêste nijs. It snelle, up-to-date en koarte nijs is foaral te finen op ús Facebook side (@tusken2tuorren). It fersyk oan alle ferienings dy’t meidogge: diel ús Facebook berjochten!

PR kommisje T2T, Arjen Agema